Undersyk nei gefaar Trekwei

© Omrop Fryslân
De provinsje stelt op 'e nij in ûndersyk yn nei de feiligens fan de Trekwei. Op de dyk tusken Dokkum en Kollum barre geregeld ûngelokken.
De provinsje en de gemeente Kollumerlân kinne it oant no ta net iens wurde oer de oanpak fan de problemen op de dyk. De earste wol de dyk ferbreedzje oant 5,5 meter, de twadde oant 7,5 meter. Ek wol Kollumerlân in paralleldyk.