It Wiid dochs net fallyt

01 feb 2001 - 15:26

It pensjoenprobleem foar wurknimmers fan bungalowpark It Wiid yn Earnewâld is foar in grut part útiten. De eardere eigner Euroase Parks stiet garant foar de pensjoenregeling fan april 1999 oant oktober 2000.

Euroase Parks hat dat tasein oan it CNVhoarekabûn. It bûn luts tiisdei oan 'e bel doe't bliken die dat al hast twa jier lang gjin premys ôfdroegen wiene.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)