Terrassediskusje Ljouwert dien

31 jan 2001 - 16:56
Foto: Omrop Fryslân

It is dien mei de langrinnende terrassediskusje yn Ljouwert. De slutingstiid foar de terrassen is no fêststeld foar ien oere nachts ynstee fan 2.30 oere.

Reden foar de diskusje wie altyd dat de de terrassen foar oerlêst soargje soene. Foaral it oprêden nachts jout in soad leven. De gemeente woe de terrassen earst al om 12.00 oere slute, mar dat joech in soad lilke reaksjes.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)