Hegedyk yn Weidum te gefaarlik

© Omrop Fryslân
Op de Hegedyk yn Weidum rydt 65 prosint fan it ferkear te hurd. Dat docht bliken út snelheidsmjittings dy't útfierd binne troch ferkearfeiligensorganisaasje 3VO yn opdracht fan Pleatslik Nut.
3VO pleitet al tiden foar mear feiligens op de dyk. De gemeente hie al tasein om faasjebeheinende maatregels by de râne fan it doarp oan te bringen. Neffens Pleatslik Nut giet dat net fier genôch.