Feanster aksje foar India

31 jan 2001 - 09:36

De eigner fan in indiaask restaurant op It Hearrenfean wol slachtoffers fan de ierdbeving yn India helpe. Tsien prosint fan syn omset is foar de troffen minsken bestimd. De man komt oarspronklik út Bangladesh, it buorlân fan India.

De restauranthâlder ropt kollega's yn it lân op om syn aksje te stypjen. By de ierdbeving binne 20.000 minsken omkaam, noch in hiel soad minsken wurde fermist.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)