Wol grut azc op it Bilt
Der moat dochs in asylsikerssintrum foar 400 bewenners op it Bilt komme. Dat antwurdzje it COA en it justysjeministearje oan de gemeente. Dy hie oanjûn dat der faaks in lytser azc komme koe om't dat yn de Twadde Keamer besprutsen wie.
In lytser asylsikerssintrum soe minder wjerstân oproppe. Op it Bilt moat lykwols in azc foar 400 minsken komme om't der noch hieltyd ferlet fan rûmte is.