'Poppe heart net yn plysjesel'

© Omrop Fryslân
De Ried foar de Bernebeskerming hat justysje advisearre de 1-jierrige Marilène by har mem Angelique van E. wei te heljen. It is better it bern by famylje ûnder te bringen. In poppe heart net yn in plysjesel, sei in wurdfierder fan 'e bernebeskerming.
Van E. is foar babymoard feroardiele. Se sit op 't heden yn in plysjesel yn Drachten. Har man hat it bern ophelle.