Snits pakt keamerferhierder oan

© Omrop Fryslân
In keamerferhierbedriuw yn Snits driget in twangsom fan 65.000 gûne betelje te moatten. De keamers binne net brânfeilich. De ferhierder hat ek net in jildige brûkersfergunning foar de 16 keamers.
De gemeente Snits seach de sitewaasje earder troch de fingers. No is lykwols it beslút nommen om de ferhierder oan te pakken. De ferhierder is it dêr net mei iens en stapt nei de rjochter.