Foppe 'trainer fan it jier'

29 jan 2001 - 17:27

SC Hearrenfeantrainer Foppe de Haan is útroppen ta trainer fan it jier. Dat barde snein op it tradisjonele gala fan proffuotballers. Tagelyk waard SC Hearrenfean as 'bêste club' betitele.

Der wie noch mear eare, mar dan foar âld-Hearrenfeanspiler Ruud van Nistelrooy. Hy stiet no by PSV ûnder kontrakt. Van Nistelrooy waard útroppen ta bêste spiler fan it seizoen 1999/2000.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)