Kielstra ferhuzet nei Ljouwert
Nei 40 jier ferdwynt kraanbedriuw Kielstra út Wurdum. It bedriuw giet mei Pax Bouw fierder op de Einsteinwei yn Ljouwert. Yn Wurdum hie Kielstra gjin romte mear foar útwreiding.
Meielkoar hat it bedriuw mear as 20 kranen yn ferskate útfierings. Pax Bouw sil him no folslein rjochtsje op masineferpleatsings, bedriuwsferhuzings en bûtengewoan transport.