Earste wedstriid foar Ahllbäck
De Sweed Marcus Ahllbäck makket sneon syn debút foar SC Hearrenfean. De pompelêdeformaasje nimt it dan op tsjin VVV. Ahllbäck is kocht om it skoarend fermogen fan de klub te ferbetterjen.
De 27-jierrige Ahllbäck spile 180 kompetysjewedstriden yn de heechste klasse yn Sweden en makke 72 doelpunten. Hy spile fiif ynterlâns en makke by Euro 2000 diel út fan de Sweedske seleksje.