Ekspedysje nei Kilimanjaro

27 jan 2001 - 16:12

Acht ynwenners fan Skylge sille de Kilimanjaro beklimme. Dit is de heechste berch fan Afrika. Moandei set de klimploeg Terschelling ôf foar in twa wike duorjende ekspedysje.

De Skylgers ha it ôfrûne healjier ûnder oare yn de Eastenrykse Alpen oan it trainen west. De klimmers hawwe keazen foar de moanne febrewaris omdat dan it waar it meast geskikt liket.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)