Nijpels op besite by Molukkers

27 jan 2001 - 15:15

Kommissaris Nijpels wol dat it regear mear docht oan de misstannen op de Molukken. Hy sei dat freed by in besite oan de Molukse mienskip yn Easterwâlde.

It wie in histoaryske moeting, want nea earder hie in Fryske kommissaris by de Molukkers op besite west. De Molukkers wienen tefreden oer it petear, dat in oere langer duorre as pland. Nijpels sei wer te kommen as dêr om frege wurdt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)