Tsjûgen socht fan oanranding

© Omrop Fryslân
De plysje siket tsjûgen fan in oanranding, woansdeitemiddei oan de Voorstreek yn Ljouwert. Om in oere as fjouwer fytste in frou oer de strjitte doe't se troch in man fan de fyts ôflutsen waard en in hûs ynskuord.
Yn it hûs fergrypte de man him oan de frou. Neffens it slachtoffer ha ferskate minsken sjoen dat se pakt waard. Ek hat immen har fyts tsjin de muorre set.