Hûn Pavarotti wer thús

26 jan 2001 - 17:31

De hûn Pavarotti is sûnt tongersdei wer by syn baas werom yn Hurdegaryp. De hûn waard dêr yn novimber fan it ôfrûne jier weihelle om't er altyd los rûn en foar oerlêst soarge. De rjochter hat no besletten dat de hûn dochs werom mei.

Neffens eigner Ponticorvo is Pavarotti yn de tuskentiid slim fertutearze. Hy soe fan 70 nei 30 kilo ôffallen wêze en syn facht is yn minne steat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)