Ried achter pop-plannen Romein

© Omrop Fryslân
It liket derop dat teater Romein yn Ljouwert definityf in poppoadium wurdt. In mearderheid yn de ried stiet achter de plannen. Wethâlder Brok fan kultuer wol mei de feroaring fan de programmearring yn Romein in ein meitsje oan in diskusje fan 20 jier oer in poppoadium.
Brok hie de belutsen partijen útnoege om sels mei in oplossing te kommen, mar dy kamen der net út.