Friesland Bank slút 4 filialen

26 jan 2001 - 12:56

De Friesland Bank slút dit jier 3 regiokantoaren, te witten yn Warkum, Oerterp en Beetstersweach. Yn 2002 giet ek it filiaal yn Wurdum ticht, mar dêr komt in nije festiging foar yn 't plak yn de Ljouwerter nijbouwyk Zuiderburen.

De trochgeande automatisearring yn it bankwêzen hat fan ynfloed west op 'e slutings. De bank wol alle regiokantoaren foarsjen fan in jildautomaat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)