Togtema lilk om útspraak Dankert

26 jan 2001 - 12:45

Dykgraaf Togtema fan Wetterskip Fryslân is lilk oer útspraken fan Dankert, tydlik foarsitter fan de Fryske wetterskippen. Hy prate in pear wike lyn syn mûle foarby by Omrop Fryslân.

Hy sei net te ferwachtsjen dat de wetterskippen fusearje sille. Neffens Togtema in ûnbegryplike útspraak omdat ôfpraat is der neat oer te sizzen. It plak fan Dankert is no ynnommen troch Te Loo.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)