Diskoteek moat doar tichtmeitsje

© Omrop Fryslân
Diskoteek Bacchus op It Hearrenfean moat mooglik de needútgong tichtmeitsje. De doar is sûnder tastimming fan 'e hierbaas oanbrocht. De wenningkorporaasje hat hat de diskoteekeigner oanskreaun om de doar fuort te heljen.
De eigner fan de diskoteek stapt mooglik nei de rjochter. Foardat de doar oanbrocht wie, hie er in brief stjoerd nei de wenningstifting.