Deade by auto-ûngelok

26 jan 2001 - 09:47

Op de Noarderdwersfeart yn Drachten is woansdeitejûn in auto út de bocht flein en oer de kop slein. De 27-jierrige bestjoerder út Nijbrêge is dêrby om it libben kommen.

De brânwacht hat de man, dy't bekneld siet, út de auto helle. Hy ferstoar letter oan syn ferwûnings. It is net bekend wêrtroch't de man de macht oer it stjoer kwytrekke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)