Seks, dea en de duvel-menu´s

© Omrop Fryslân
Restaurant Piet_Paaltjens serveart de kommende trije wiken menu´s dy´t ynspirearre binne op it tema ´Seks, dea en de duvel´. Kok Kasma hat de menu´s gearstald yn gearwurking mei de keunstners Yvonne_Dröge_Wendel, Georgina_Starr en Fredie_Beckmans.
De bysûndere menu´s binne in inisjatyf fan keunsttiidskrift Praktikabel. It tiidskrift is diskear ´ynbûn yn skinke´.