Pas moandei útspraak oer Jelle

25 jan 2001 - 09:46

De CD-single 'Jelle' fan it Grinzer duo Stille schemer & Tido leit foarearst noch net yn 'e winkel. Platemaatskippij Arcade moat wachtsje op in útspraak fan 'e rjochtbankpresidint, no moandei.

De Kast hat grutte muoite mei it nûmer omdat de studinten 'meiliftsje' soene op it súkses fan De Kast. Boppedat wurdt yn it nûmer in minder posityf byld sketst fan Kast-sjonger Syb van der Ploeg.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)