Sensuer op website De Kast

24 jan 2001 - 21:26

De Kast hat platemaatskippij Arcade in ultimatum steld. De Fryske popgroep wol net dat se it nûmmer 'Jelle' útbringe. De Eminem-cover fan it Grinzer duo Slimme Schemer en Tido giet oer Kastsjonger Syb van der Ploeg.

Neffens De Kast wurdt hjir sûnder tastimming gebrûk makke fan in merknamme. As Arcade tiisdeitemiddei net om lyk wol, komt der in koart pleit.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)