Brân yn AZC Dokkum

24 jan 2001 - 12:20

Der hat moandeitenacht brân west yn it asylsikerssintrum yn Dokkum. It fjoer ûntstie om kertier oer trijen op de ûnderste ferdjipping. De bewenners koene op 'e tiid fuortkomme. Nimmen rekke ferwûne.

It wengedielte is nei alle gedachten ferlern gien. In bewenner hat tajûn de brân oanstutsen te hawwen. 64 Ynwenners wurde no earne oars ûnderbrocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)