Ljouwerter fermist

24 jan 2001 - 10:15
Foto: Omrop Fryslân

De Ljouwerter Homme Douma wurdt sûnt sneon fermist. De 50-jierrige man is freed foar it lêst yn 'e haadstêd sjoen. Neffens de plysje hat syn fermissing net te krijen mei bysûndere omstannichheden.

Douma hat koart ljocht hier en in snor. Hy is 1.75 meter lang. Hy wie klaaid yn spikerbroek en blauwe jas. De plysje siket minsken dy't mear ynformaasje hawwe.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)