Sjoemeljende plysjeman ûntslein

23 jan 2001 - 17:56

In plysjeman dy't mei deklaraasjes sjoemele ha soe, is ûntslein. Yn 'e tiid dat er op Skylge detasjearre wie, soe er formulieren ferkeard ynfolle ha. Hy fertsjinne boppedat by troch yn syn frije tiid ferskate putsjes te dwaan.

De plysjeman fjochtet it ûntslach oan by de rjochter. Neffens him kinne de beskuldigingen net hurd genôch makke wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)