Spaar Select praat mei Cramer
It team Spaar Select hat ynteresse foar Wieteke Cramer. De 19-jierrige reedrydster hat al in ynformatyf gesprek hân mei de ploech fan Peter Mueller. Dizze wike folget in ferfolch.
In wurdfierder fan de kommersjele ploech jout oan dat se Cramer dan in oanbieding dwaan sille. It kontrakt fan Cramer mei de KNSB rint oan de ein fan dit seizoen ôf.