Eask 15 moanne foar slim ûngemak

23 jan 2001 - 16:17

Tsjin in 31-jierrige frou út Ljouwert is tiisdei 15 moanne selstraf easke wêrfan fiif op betingst. Boppedat is se har rydbewiis fiif moanne kwyt.

Maart ferline jier hat de frou in slim auto-ûngemak feroarsake tusken Oerterp en Wynjewâld. Dêrby kamen twa manlju út Veenoord om it libben. Fierders rekke in oare man en in frou ferwûne. De rjochter docht oer fjirtjin dagen útspraak.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)