Underwiispriis Friesland College

23 jan 2001 - 15:58

It Friesland College hat in grutte ûnderwiispriis wûn. It regionaal opliedingssintrum kriget de Jan Kassiespriis foar har kultureel programma. De priis stiet foar in bedrach fan 12.500 gûne.

De Friese Poort helle mei harren 'Laat je stem horen' de sechsde priis. Yn in oare kategory, de Nasjonale Underwiispriis, wie de Friese Poort ek nominearre mar se hellen de haadpriis net.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)