Direkteur Arriva stapt op

23 jan 2001 - 11:12

De direkteur fan ferfiersbedriuw Arriva, Peter van Wageningen, hat moandei per direkt syn funksje dellein. Hy hâldt nei trije jier op by de maatskippij.

De tragens fan de oerheid by de privatisearring fan it iepenbier ferfier jout Van Wageningen as reden op. Ek de oanhâldende besunigings ha in rol spile. Direksje en wurknimmers fan Arriva hawwe ferheard reagearre op it nijs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)