Gasthearen foar Lindestede
Soarchynstelling Lindestede yn Wolvegea krijt 30 nije wurkplakken. It nije personiel wurket as gasthear of -frou yn it ferpleechhûs. Se sille foaral omtinken oan de bewenners jaan om't hjoeddeistich personiel der gjin tiid foar hat.
It giet om yn- en trochstreambanen wêr't it Noarden 150 fan tawiisd krigen hat. Yn Fryslân hat inkeld Wolvegea jild foar de eardere Melkert-banen krigen.