Gjin ekstra drokte by FRIMA

© Omrop Fryslân
Sâltfabryk FRIMA yn Harns hat noch gjin ekstra drokte troch it winterske waar. Neffens in wurdfierder is it wat it struien oanbelanget noch hieltyd in sêfte winter.
FRIMA is boppedat in protte drokte kwytrekke trochdat de provinsje Fryslân sûnt dizze winter it struisâlt net mear by de FRIMA keapet mar by AKZO. Ek Rykswettersteat is dêrnei oerstapt.