Utstalling fan wurk Mancadan

© Omrop Fryslân
It Frysk Museum toant fan snein ôf wurk fan Jacobus Sybrandy Mancadan. Mancadan is in 17de-ieuske skilder dy't troch keunstleafhawwers betitele wurdt as de Rembrandt fan Fryslân. De útstalling moat syn bekendheid fergrutsje.
Mancadan is berne yn Minnertsgea en wie boargemaster yn Frjentsjer. Hy skildere faak in lege hoarizon, mei in tsjustere foar- en in ljochte achtergrûn.