Man stoarn nei iisûngelok
De 55-jierrige Jouster dy't freed by de Jouster Slûs troch it iis sakke, is ferstoarn. De man wie mei trije maten te riden doe't er troch it iis sakke en der ûnder skeat.
Mei help fan in surfplanke slagge de plysje der yn om de man wer op 'e wâl te krijen, mar doe hie er al tsien minuten yn it wetter lein. Hy is sneon ferstoarn yn it sikehûs fan Snits.