Konkurrinsje foar Thialf?
Iisbaan De Uithof yn De Haach wol in serieuze konkurrint wurde fan Thialf. De baan hat plannen foar in folsleine oerkaping.
De Uithof hat de plannen freed bekend makke, by de iepening fan de nijbou. De oerkaping moat oer twa jier klear wêze. As dat slagget wol De Uithof oanspraak meitsje op de A-status, dy't no fan Thialf is.