Dakleaze-opfang hat jild nedich

© Omrop Fryslân
De opfang fan dak- en thúsleazen wurdt hieltyd dreger. Dat komt om't de groep groeit. Boppedat is de opfang komplekser om't ûnder har mear froulju en jongerein sitte. Minister Borst stelt 49 miljoen gûne ekstra beskikber foar opfang.
It opfangsintrum De Terp yn Ljouwert hat ek mear jild nedich om op goede wize help ferliene te kinnen. Neffens de direkteur fan De Terp is de stipe te min.