Tsjerke Bakhuzen beholden

20 jan 2001 - 14:36

De karakteristike roomske tsjerke fan Bakhuzen kin lang om let dochs foar it doarp beholden wurde. Dêr sjocht it alteast nei út no't in grut tal partijen it iens binne oer de finansieringsopset.

Foar de Sint Odulfus-tsjerke dy't gjin ryksmonumint is, is in restauraasje fan sa'n 2 miljoen gûne needsaaklik. Meikoarten sil it gemeentebestjoer fan Gaasterlân-Sleat him deroer bûge.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)