Falske brieven yn 'e omgong

19 jan 2001 - 18:49

KPN Telecom warskôget ynwenners fan Fryslân foar yllegale praktiken fan it telefoanbedriuw ACN. Yn Kollumersweach binne brieven ferspraat dat ACN in part fan de KPN oernommen hat en dat klanten tenei goedkeaper belje kinne.

Neffens de KPN kloppet de ynhâld fan de brief net. It bedriuw hat de plysje op 'e hichte steld en easket in rektifikaasje fan ACN.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)