Gedoochregister bedriuwen nedich

19 jan 2001 - 16:09
Foto: Omrop Fryslân

De FNP fynt dat de provinsje in iepenbier en dus foar elk tagonklik gedoochregister oanlizze moat. Dêrút moat dúdlik wurde hokker bedriuwen net alhiel oan de wet- en regeljouwing foldogge, mar dy't dochs yn stân holden wurde.

Om it risiko ta in minimum te beheinen fynt de FNP dat allinne yn needgefallen tastien wurde mei. De rampen fan ATF, Enschede en Volendam foarmje oanlieding.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)