Ynhelferbod dyk Harns-Surch

© Omrop Fryslân
Noch foar de simmer komt der in ynhelferbod en in snelheidsbeheining op de N31, de dyk Harns-Surch. Deputearre Bijman seit dat yn in reaksje op it rapport fan de rie foar de Transportveiligheid.
De rie hat ûndersyk dien nei de oarsaak fan in ûngefal op de N31 dêr't twa jier ferlyn fiif minsken by omkamen. De rie advisearret om de snelheid werom te bringen fan 100 nei 80 kilometer.