Brutale oerfal yn Noardburgum

19 jan 2001 - 09:43

Twa oerfallers hawwe woansdei in 69jierrige Noardburgumer it sikehûs ynslein. Se bellen by de man oan en begûnen daliks mei honkebalkneppels op him yn te slaan.

It slachtoffer koe noch gau in mes krije om himsels te ferdigenjen. De oerfallers naaiden doe út. De Noardburgumer hat sels de plysje belle. Mei in skedelbasisfraktuer is er nei it MCL brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)