Diskusje oer ferkear yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
It gemeentebestjoer fan Ljouwert wol mei de ynwenners diskusearje oer it ferkear yn en om de haadstêd. Op in tal jûnen yn maart kinne boargers prate oer bygelyks de files dy't hieltyd langer wurde.
De berikberheid fan de binnenstêd is in punt fan soarch dêr't ek omtinken foar is. De gemeente hat it idee om de Earste Kanaalsbrêge wer foar ferkear iepen te stellen.