Nije oplieding fytstechnikus
De fytsfabriken Koga Miyata en Batavus op It Hearrenfean sille yn gearwurking mei it Friesland College út ein sette mei de oplieding 'fytstechnikus'.
Troch oanhâldende krapte op de arbeidsmerk wurdt it foar de beide fytsprodusinten hieltyd swierder om goeie minsken te finen. Doel is dat geskikte kandidaten in kontrakt krije by Koga of Batavus.