Spannende tiid foar Van der Veen

© Omrop Fryslân
Foar Wieger van der Veen fan de basisskoalle De Bron út Boalsert wurdt it moandei in spannende dei. Dan wurdt yn Utrecht de jierlikse ûnderwiispriis útrikt.
De priis wurdt takend oan de skoalle dy't wat bysûnders dien hat foar de ûntwikkeling fan it basisûnderwiis. Van der Veen ûntwikkele in spesjale rekkenmetoade foar groep ien oant en mei acht.