Wieteke Cramer nei it WK

16 jan 2001 - 15:37
Foto: Omrop Fryslân

Wieteke Cramer is wis fan dielname oan it WK allround. Dat hat de kommisje topsport fan it reedridersbûn moandeitejûn besletten. De Lemster reedrydster waard it ôfrûne wykein tredde op it EK yn Baselga di Pine.

Ids Postma wie al útsocht foar it WK. Tiisdei wurde mear nammen bekendmakke. By de manlju wurdt in kwalifikaasjeduel, oftewol in skate-off hâlden.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)