Synoade yn Frjentsjer

© Omrop Fryslân
De generale synoade fan de grifformearde tsjerken is moandei yn Frjentsjer begûn. Dûmnys en leden út it hiele lân kamen nei it stedsje foaral om har te bûgen oer gearwurking mei herfoarmen.
Op de earste dei kuiere it selskip troch it sintrum. It offisjele part, tiisdei, is ynromme foar it ynstellen fan kommisjes. Frjentsjer mocht yn 1869 ek al ris de generale synoade organisearje.