Protest tsjin 'stellen bern'

© Omrop Fryslân
Yn De Haach fregen moandei tsientallen âlden omtinken foar har saneamde stellen bern. Bern dy't sûnder tastimming fan de âlder troch de oare mei nei it bûtenlân nommen binne. Neffens de protestanten docht de oerheid te min foar de groep. Politikus Dittrich krige in petysje.
Under de demonstranten wie ek famylje Kooijmans fan Skylge dy't al jierren de bernsbern út Egypte besiket te heljen.