Winst foar Formido Flyers

15 jan 2001 - 11:59
Foto: Omrop Fryslân

De Formido Flyers hawwe sneon mei 8-4 yn Thialf op It Hearrenfean wûn fan 'e koprinner Diamant Trappers út Tilburg. De perioadestannen wienen: 4-0, 2-1 en 2-3.

Tilburger Nichols waard flak foar de ein fan de wedstriid op in brankaar ôffierd nei't er in hurde botsing makke. Hy is oerbrocht nei it sikehûs en hat nei alle gedachten in swiere harsensskodding.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)