Boer wegert hantekeningen bern

15 jan 2001 - 09:17
Foto: Omrop Fryslân

Boer Van Popta fan Lollum woe freed gjin hantekenings fan skoalbern oannimme. De Lollumer bern wolle graach ride. De iisbaan fan it doarp leit op Van Popta syn lân, mar hy freget safolle hier dat de iisklub dy ûnmooglik opbringe kin.

Van Popta wie net bliid mei de aksje fan 'e skoalbern en noch minder mei de mediabelangstelling. De bern diene doe de 314 hantekenings mar yn 'e brievebus.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)