Ein oan syktocht skilderij
It skilderij mei Sjoerd Budstra is terjochte. In healjier socht Jan Keuning it doek fan Germ de Jong. Nei de oprop op Omrop Fryslân werkende de famylje Meijer yn Snakkerbuorren it skilderij dat al 25 jier yn 'e keamer hinget.
De portrettearre Budstra wie húsknecht fan de Keunings. De eigners wolle it doek lykwols net ferkeapje, dat Keuning sil tefreden wêze moatte mei foto's.